Preek yn it Frysk

Friese-vlag.

.

Hjir stiet altyd myn lêste fryske oertinking.

 

 

============================================================
Eernewoude

Earnewâld – 13 april 2014
Markus 11:1-11 en 12: 38-40

Hjoed is it tagelyks Palmpaeske en Passysnein en dêrmei is it in snein mei twa gesichten. D’r is ommers de blydskip oer de yntocht fan Jezus –
troch Marcus tekene as in grut feest – mar ek is dêr it fertriet oer de kommende dea, it ôfskied – troch ús symbolisearre yn ‘e kommende Stille Wike, de Lijenswike.
As in keunstner in keunstwurk meitsje soe wêryn beide eleminten werkenber weromkomme moasten, dan soe er dat it beste dwaan kinne yn in saneamd twalûk. Twa losse skilderyen dy’t dochs by elkoar hearre; sy foarmje ien gehiel. De lêzing ut Markus stiet dan model foar it earste skildery en it passieferhael stiet model foar it twadde diel.
Dy dûbbelheid, dy spilet him ek faak ôf yn it libben fan minsken. Altyd wer is dêr it sykjen ny lykwicht tusken blydskip en fertriet, tusken hope en eangst, tusken foar- en tsjinspoed, tusken libben en dea.
It iene momint libbet men yn foarspoed en rykdom fan jild dat jin samar oan komt fleanen; mar een pear dagen letter is de wrâld fan it jild ynstoartte en krijst gjin jild mear út ‘e pinautomaat en stiet dyn hûs te keap.
De iene dei bin je noch tegearre – de oare dei bist allinne troch it ferlize fan in neiste – oan ‘e dea of oan it libben.
De iene dei hast it noch smoardrok foar in baas de oare dei krijst dien en sist thús.
It iene momint fylst dy, lykas Jezus, de kening te ryk en is it as wust op hannen droegen troch de minsken om dy hinne. Mar eefkes letter is dat folslein oars en stiest each yn each mei de dea.
Sa fluch kin it gean yn úze maatskippy. Mar blykber wie dat yn ‘e tiid fan Jezus net oars. By de yntocht hat Jezus ommers al weet fan syn leste oeren. Syn yntocht wurdt dêrtroch in foarútsjoch op ‘e iewigheid. Mei de dea efter him oan lit er him as kening Jeruzalem ynride. As kening, mar wol as in wat suterige kening. Net mei de keninklike pronk dy’t wy ús dêrby foarstelle.
En it frjemde is dat hy sels syn eigen ynhuldiging regelt. Hy soarget sels foar de fôle. In teken fan ienfâld. Hjirby moast ik oan paus Fransiscus tinke. Hy soarge der ek foar dat syn introduksje – syn yntocht – in net sa formeel karakter krige. Hy ferskynde op it balkon en rôp de minsken goejûn ta. Hy, dy’t as Jezuiet – tjsin de principes yn – et heechste ambt krige mar dy dat oant no ta wol docht yn alle beskiedenheid en nederigens.

Jezus soarget dus foar syn eigen fôle foar de yntocht. Bliekber is d’r nimmen dy’t betinkt de saak wat mear útstrieling te jaan, wat mear keninklike alluere. No ja, miskien wie it idee der wol, mar hiene de minsken de moed net om dat idee út te fieren. Yn haadstik tsien kinne wy leze dat de dissipels en oare folgers fan Jezus bang wienen. Sûnder mis ha sy wol oanfield hokker spanning it optreden fan Jezus mei him bringe soe by de Romeinske heerskers en harren hânlangers. Sy, de dissipels, wolle net as kollaborateurs oppakt wurde.
Mar Jezus lit him net liede troch eangst. Hy folget de wei dy’t er foar himsels betocht hie, en dat is: net út de wei gean foar de macht fan ‘e tsjinstanners; ek net at dat de heerskjende macht is dy’t jins meitsje en brekke kinne.

Dy heerskjende macht sjocht mei besauwing dat in reizgjende rabbi as in goeroe de minsken nei him talûkt. In rabbi dy’t it tsjinjen fan ‘e keizer betwifelt, dy’t regels en wetten oan ‘e kaak stelt en dy’t de minsken in neie úttocht út Egypte foarhâld; en dêrby stiet Egypte model foar de Romeinske oerhearsking.
De omstanners binne nammentlik mei Jezus ûnderweis nei it fiere fan Pesach, it feest fan ‘e befrijing út Egypte. En yn Jezus sjogge de minsken in neie Mozes dy’t harren út de twingende bannen fan de besetter helje sil.
De yntocht yn Jeruzalem liket dêrmei wol de úttocht út in nije ballingskip.
Dêrom ek it jûchhei roppe fan de minske nei Jezus ta. Yn oare sitewaasjes wol Jezus dy oandacht net sa dúdlik op him sels rjochtsje litte, mar hjir wol. Warskienlik is it nei syn goedtinken om’t de minsken him as in suterige kening jûchhei taroppe. Jezus wol net alle bombaarje dy’t heart by in gewoane kening. En dat de minsken him jûchhei taroppe
wylst er op in fôle komt oanriden, dat sjocht Jezus grif as in erkenning foar syn libbenshâlding, foar syn pleit foar sêftmoedigens en frede.
As hy, lykas oare, gewoane, kenings, mei in soad pracht en sier oansetten kaam, dan soe der fuortdaliks in sitewaasje fan konkurreensje wêze mei de hearskjende macht. Mar no, no’t er ûnferwachte en mei nederigens binnenkomt en dochs hiel feestlik ûntfongen wurdt, as underdog, no liket it in krinking te wurden foar de Romeinske besetter; mar mooglik ek foar dyjinge dy’t yn Jezus graach in ierdske kening seagen, nammenlik de minsken dy’t de hope op in bettere wrâld al lang oerjûnd ha. Minsken as de hegepryster, de skriftgelearden en de âldsten.
Wikeliks sitte sy neffens Jezus “op ‘e eareplakken yn ‘e synagoge, mei harren lange mantels. Mar se slokke it hiele hawwen en hâlden fan de widdowen op en dogge sabeare lange gebeden”. Mar de oare dagen bin sy d’r blykber op út om Jezus te dwersbongelje. Wêrom eins?

Neffens de bekinde Dútske teolooch Eugen Drewermann, is it in ferskil tusken de leare en it libben, tusken teory en praktyk.
De skriftgelearden bekonkurrearje elkoar oer de interpretaasje fan de wurden út ‘e Tora, de leare. Sy bin it dy’t God ûnderbringe wolle yn bekinde begripen. En dat ûnder de rubryk ‘út de holle leare’, de rubriek dogma’s, want ast it út de holle leard haste, dan hasto dy der hear van makke, dan haste God ommers yn ‘e bûse.

En no krekt dát soe d’r wolris de oarsake fan wêze kinne dat d’r gjin inkeld wurd troch Jezus sels op papier setten is. Wy kenne de fjouwer evangeeljes oer Jezus, en dêrby ek Markus. Mar wy kenne net in evangeelje dat troch Jezus sels skreaun is. En wierskynlik hat Jezus bewust neilitten eat op in papyrusrolle te skriuwen. Om him hinne seach er ommers dageliks wêrhinne dat liedde, nammentlik gebeuzel oer de betsjutting en moochlike útlis fan wurden.

Sa sjoche wy it hjoeddedei ek. Yn dikusjes tusken minsken dy’t tinke dat sy eksakt wite wa’t God is, wat God wol, wat goed is en wat ferkeard, en wat wy wol of net foar wier hâlde moatte.
Eugen Drewermann formulearre it sa:
“Pas op foar minsken yn lange mantels. At d’r in lange mantel nedich is om de wichtigens fan sokke poehamakkers oan te jaan, dan kinne wy d’r wis fan wêze dat God op een minne wize foar de gek holden wurdt.”

Litte wy ús eigen lange mantels dus mar omruilje foar ienfâldige klean, dat wol sizze: ús tsjinstber opstelle sûnder nei machtsmiddels te gripen. Dan steane wy foar frede en gerjochtigheid, en net foar dogma’s.

Dalik geane wy de Stille Wike yn. In perioade fan besinning wêryn wy besykje kenne om yn ús de goede stimme wekker te meitsjen. Net de stimme fan ‘e hegepryster of skriftgelearden. Net de stimme fan de minsken mei swetserij, mar de stimme fan dy Iene ienfâldige dy’t sizzen bliuwt: Ik sil der foar dy wêze.
En dat wy ek sa yn it libben stean wolle foar de minsken om ús hinne.
“Ik sil der foar dy wêze.”
Net hearskjen mar tsjinjen.
De neiste bystân biede en de Kweade te wjerstean.

(c) Jan Koops
==========================================